Rydbewiis Friesinger ynnaam

Anni Friesinger is net allinnich fluch op redens
Anni Friesinger (31) is net allinnich fluch op it iis, mar ek yn ´e auto. De plysje hat sneontemiddei har rydbewiis ynnommen, omdat de Dútske reedrydkampioene op de A32 by Aldeholtpea fierste hurd ried.
Se gie mei in gong fan 172 kilometer yn ´e oere by de laserkontrôle del. Op dat plak meie je maksimaal 120 kilometer de oere ride. De plysje sette har oan de kant fan de dyk, wêrnei´t se har rydbewiis ynleverje moast.