Sven Kramer wint 10 kilometer

15 feb 2009 - 15:52

Sven_Kramer hat by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Thialf op It Hearrenfean de 10.000 meter wûn. De trijefâldich wrâldkampioen allround sette yn Thialf in tiid op de klok fan 13.03,51.

De Noar Håvard_Bøkko waard twadde yn 13.07,93. De oare Nederlânske stayer Bob_de_Jong pakte it brûns yn 13.09,16. Kramer en De_Jong hawwe harren pleatst foar it WK ôfstannen yn maart yn Vancouver .

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)