Nij festival op It Amelân

15 feb 2009 - 15:34

De akademy foar popkultuer yn Ljouwert organisearret yn de twadde wike fan septimber in nij festival op Amelân: it keunst- en technologyfestival. Dit bart yn gearwurking mei Stenden hegeskoalle, NHL en gemeente It Amelân.

Island Festival is in festival fan trije dagen en moetingsplak op it mêd fan keunst en technology yn de breedste sin. De kearn fan it festival bestiet út it folgjen fan workshops. Dêrneist binne der muzykoptredens, ynstallaasjes en ynrinwurkplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)