Oenema ferlingt kontrakt

15 feb 2009 - 15:23

Sprintster Thijsje_Oenema fan De Jouwer hat har kontrakt mei de reedrydploech VPZ ferlingd oant de Winterspelen fan Vancouver yn 2010. Dat hat de formaasje snein bekendmakke.

Sneon waard Oenema yn Enschede Nederlânsk kampioen supersprint. Yn de VPZ-ploech sitte ûnder oare Remco Olde Heuvel, Tom_Prinsen, Jorien Voorhuis en Wieteke_Cramer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)