Man oanholden troch boargernet

15 feb 2009 - 13:47

Troch help fan it boargernetsysteem, hat de plysje sneon in 54-jierrige Ljouwerter oanhâlde kinnen. De man wie yn syn wenplak trochriden neidat er in ûngelok feroarsake hie. By it ûngelok wiene meardere auto's belutsen.

Neidat de man útnaaid wie, krigen goed 2100 boargers de oprop út te sjen nei de auto. Ut ien fan de tips die bliken dat de auto parkeard stie oan de Berkenstrjitte yn Ljouwert. De Ljouwerter kaam út in wente doe't de plysje de auto fuortslepe soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)