Ljouwert wol wethalders scanne

It kolleezje fan B & W fan Ljouwert
De gemeente Ljouwert wol kandidaat- wethâlders better ûndersykje. It giet dan om kandidaten dy't gjin riedslid binne. Fan riedsleden is al bekend oft sy oan de easken foldogge.
Op dit stuit is der gjin wetlike regeling om bygelyks te sjen wat foar bybanen in kandidaat-wethâlder hat. Omdat der op koarte termyn noch gjin lanlik belied ferwachte wurdt, wol Ljouwert no mei eigen belied komme. De gemeenterie docht dêr meikoarten in útspraak oer.