Proef mei DUKW is slagge

In DUKW yn see
De earste proeven mei de saneamde DUKW op Flylân binne sneon goed ferrûn. In DUKW is in âlde legertruck dy't net allinnich ride, mar ek farre kin. In pear Friezen wolle yn juny mei dizze farrende frachtwein oerstekke fan Ingelan nei Frankryk, as betinking fan D-day.
Der waard sneon oefene mei needsitewaasjes en it oerstappen fan de bemanning ûnderweis. Snein wurdt der wer oefene op it strân fan Flylân.