Kromkamp wint yn Sweden

14 feb 2009 - 17:46

Martijn Kromkamp fan Wolvegea is winner wurden fan it einklassemint fan it Grand Prix sirkwy yn it Sweedske Falun. Ruud Borst fan Sint Nyk waard tredde.

De lêste maraton oer 200 kilometer, dy't ferriden waard by in temperatuer fan 22 graden ûnder nul, waard wûn troch Ruud Aerst út Riel. Martijn Kromkamp waard njoggende en winner fan it einklassemint mei 80,1 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)