Trije seehûnen útnaaid

14 feb 2009 - 17:29

By de seehûnekresj Pieterburen binne sneontemoarn trije seehûnen útnaaid. De bisten sieten yn 'e bûtenbaden fan it terrein en koene nei alle gedachten fuortkrûpe troch in iepensteand stek.

Der is fuortdaliks mei man en macht nei de seehûnen socht. Al ridlik gau is der ien weromfûn. Ek de plysje is ynskeakele om't it stek nei alle gedachten mei opsetsin iepenset is. It is foar it earst yn it 40-jierrich bestean fan de seehûnekresj dat der bisten fuort binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)