Harkemase Boys winne mei 1-0

14 feb 2009 - 16:34
Foto: Omrop Fryslân

De koprinner fan de haadklasse C, Harkemase Boys, hat yn in minne wedstriid mei 1-0 wûn fan Nunspeet. De nûmers ien en twa fan de ranglist koene dy stân net oersette op it fjild.

Ynfaller Oebele Schokker wie de man fan de wedstriid. Hy skoarde yn de tachtichste minút de winnende treffer. Harkemase Boys hat no in foarsprong fan fjouwer punten op Nunspeet en hat in wedstriid minder spile.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)