Man rydt dronken op snorfyts
De plysje hat freedtemiddei in 40-jierrige snorfytser út Drachten op 'e bon slingere. It rydbewiis fan de man wie earder ynnaam omdat er dronken achter it stjoer siet.
Omdat er dochs wer op 'e snorfyts ried, waard er oanholden. By syn oanhâlding die bliken dat er opnij tefolle dronken hie. De plysje hat no ek syn snorfyts ynnaam.