Komst WK frachtweinriden faai

© Omrop Fryslân
De komst fan de wrâldkampioenskippen behindichheidsriden foar frachtweinsjauffeurs nei Ljouwert stiet faai. It WK soe yn septimber holden wurde, mar troch it ôffallen fan in wichtige sponsor is in tekoart op de begrutting fan in ton ûntstien.
Der wurdt no út alle macht socht nei in nije jildsjitter. Foar april moat der dúdlikens komme. It WK behindichheidsriden foar frachtweinsjauffeurs wurdt ien kear yn de twa jier holden.