Drankkontrôles yn Fryslân

14 feb 2009 - 14:06

By alkoholkontrôles op ferskate plakken yn de provinsje hat de plysje freedtejûn en -nacht alve automobilisten op 'e bon slingere. Fjouwer hiene safolle drank op dat se har rydbewiis ynleverje moasten.

Twa fan har moasten mei nei it buro. It giet om in 19-jierrige Drachtster, dy't mei syn auto tsjin in lantearnepeal en in tal houten pealtsjes riden wie. En in ynwenner (46) fan Sint Nyk wie by syn wenplak mei hege faasje útnaaid foar de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)