Bussjauffeur mishannele

© Omrop Fryslân
Fjouwer jonges ha freedtejûn yn Himmelum in Drachtster bussjauffeur mishannele. De sjauffeur hie de fjouwer by in halte yn it doarp mei in kollega út de bus set, omdat se him lêstich fallen hiene.
By it útsetten krige de Drachtster sjauffeur in klap tsjin de holle fan ien fan de jonges. De beide sjauffeurs ha noch besocht de jonges te achterheljen, mar dat is net slagge. Ek de plysje hat se noch net fine kinnen.