Elma de Vries rydt nij PR

Elma de Vries
Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, hat by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean foar in daverjende ferrassing soarge. Se kaam yn de B-groep op de 5000 meter yn in tiid fan 7.02,48 oer de streek.
Dizze tiid is foar De Vries in nij persoanlik rekord. Troch dit rekord promovearret se ek automatysk nei de A-groep. It is de rapste tiid op de fiif kilometer fan dit seizoen oant no ta.