Tal fakânsjeboekings heger

14 feb 2009 - 13:14

De maitydsfakânsje soarget dit jier yn Fryslân foar in hegere besetting fan fakânsje-adressen as ferline jier. Dat seit Paul van Gessel fan Fryslân Marketing. Us provinsje docht it dêrmei better as de rest fan Nederlân.

Dêr leit it tal boekings gelyk oan de maitydsfakânsje fan 2008. Om mear Nederlanners yn eigen lân mei fakânsje gean te litten, binne in tal toeriste-organisaasjes koartlyn in spesjale kampanje begûn. Sneontemiddei docht dy kampanje Ljouwert oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)