Regels foar jongereinketen

14 feb 2009 - 11:29

Jongerein yn Tytsjerksteradiel, dy't in keet eksploitearet, moat yn de takomst mooglik in kontrakt ûndertekenje. Dêr stean de regels yn dêr't de jongerein oan foldwaan moat. It giet dan ûnder oare om de brânfeiligens en it drank- en drugsgebrûk yn de keten.

Neist it ûndertekenjen fan it kontrakt moat de jongerein ek ferplicht op kursus. Tytsjerksteradiel wol de maatregels nimme om oerlêst troch de jongereinketen foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)