Frachtwein yn see by Flylân

14 feb 2009 - 11:10

Foar de kust en op it strân fan Flylân wurdt sneon oefene mei in 'Dukw'. Dat is in âlde legertruck dy't ride en farre kin. De truck hie in belangrike rol by D-day. Dat wie de ynfaazje fan de alliearden yn Normandië.

Op 6 juny wurdt betocht dat de ynfaazje 65 jier lyn is. Yn it ramt dêrfan wol in groep Friezen yn juny mei de Dukw oerstekke fan Ingelân nei Frankryk. Sneon wurdt besjoen oft dat eins wol kin en wat de mooglike problemen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)