Undersyk nei nij doarpshûs

14 feb 2009 - 10:49

Der komt in ûndersyk nei de helberens fan in nij doarpshûs yn Skearnegoutum. Dat soe yn in gebou komme moatte dêr't ek oare foarsjennings in plak krije. It giet dan ûnder oare om de skoalle.

It beslút ta it ûndersyk waard freed naam op in byienkomst fan doarpsbelang. Dy waard hâlden omdat it hjoeddeiske doarpshûs in tekoart oan jild foar de eksploitaasje hat en oan frijwilligers. Ek moat it opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)