Frysk jild foar Roemenië
De Soroptimistenclub Fryslân-Súdwesthoeke hat 13.000 euro ynsammele foar in geitepleats yn Roemenië. Op dy pleats wurde bern mei in ferstanlike beheining opfong.
It jild waard byelkoar brocht mei ferskate aktiviteiten, ûnder oare in syldei en in keamerkonsert. It jild is freed oanbean oan de stichting achter de geitepleats.