WOB-fersiken ynlutsen

13 feb 2009 - 20:51

It konflikt tusken Joeri Wiersma fan de Klokkenluiderspartij en de gemeente Ljouwert is oplost. Wiersma hie sa folle fersiken op grûn fan de Wet Openbaarheid Bestuur yntsjinne by de gemeente, dat der fjouwer amtners foar nedich wiene om se allegearre te behanneljen. Boargemaster Ferd Crone hat in goed petear hân mei Wiersma en dy lûkt no al syn fersiken yn. Der komt no in ûnôfhinklik ûndersyk nei de hannelwize fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)