Boere-aksje tsjin ôffaloven

Lulke boeren ha freed yn Harns protestearre tsjin de komst fan de ôffaloven fan Omrin. Mear as 30 boeren rieden al toeterjend troch de binnenstêd. It startpunt fan de aksje wie it yndustryterrein dêr't de ôffaloven komt. Doel is om de Harnzers te wizen op de negative effekten fan de ôffaloven.
De protestaksje is sûnder problemen ferrûn. Docht bliken dat dizze aksje neat úthelle hat, dan slute boeren hurdere aksjes net út.