Bleate frou op Us Mem

13 feb 2009 - 15:55

Foar it TV-programma Man_Bijt_Hond binne freed opnames makke fan in bleate frou dy't plaknimt op Us_Mem, yn Ljouwert. Sa wol it programma omtinken jaan oan de saak mei it pornografysk argyf, dat jierrenlang troch in gemeente-amtner byhâlden wêze soe.

Earder waard bekend dat dat argyf, dat sûnt de jierren tweintich byhâlden is, ferdwûn is. Neffens Man Bijt Hond wurdt mei de opnames 'de leechte wer wat opfuld'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)