Bou apparteminten Grou mei

© Omrop Fryslân
De Steatsried jout tastimming om twa appartemintekompleksen yn Grou te bouwen. Wol moat de grûn oan de Prinses Wilhelminastrjitte saneard wurde, foardat boud wurde kin.
Omwenners ha earder beswier makke tsjin de gebouwen om't se dêr net passe soene. Der wie ek berop oantekene tsjin in ferklearring fan gjin beswier troch de provinsje. De Ried fan Steat hat dat berop grûndearre ferklearre. Dat betsjut dat de bou wol trochgean kin.