Algra: gjin hegere fergoeding

Rendert Algra: net freegje om hegere fergoeding
Steateleden moatte foarearst ôfsjen fan in ferheging fan har fergoeding. Dat fynt CDA-Steatelid Rendert_Algra. It IPO, it gearwurkingsferbân fan de provinsjes, wol dat de fergoeding de kommende jierren flink heger wurdt. Dat wol it IPO om´t de fergoeding net yn ferhâlding stiet mei it wurk dat de politisy derfoar dogge.
Neffens Algra is sa´n eask ûnbesteanber yn in tiid wêryn´t tûzenen minsken har baan ferlieze troch de ekonomyske krisis.