Mear Frysk yn de soarch

13 feb 2009 - 09:21

Minsken dy't yn sikehûzen en soarchsintra ferbliuwe, fine it moai as de Fryske taal aktyf brûkt wurdt. Bygelyks yn petearen, mar ek op buordsjes en opskriften. Dat docht bliken út ûndersyk fan de provinsje nei it brûken fan Frysk yn de soarch.

De provinsje wol mei de útkomsten fan it ûndersyk in aksjeplan meitsje om it brûken fan it Frysk yn de soarch te befoarderjen. Organisaasjes dy't ideeën ha, kinne subsydzje krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)