Apotekers yn de problemen

© Omrop Fryslân
It beslút fan de rjochter om apotekers net temjitte te kommen foar legere prizen fan medisinen kin apotekers wolris de kop kostje. Dat seit de lanlike apotekersferiening.
De prizen fan medisinen binne it ôfrûne jier flink sakke troch de konkurrinsje op de merk en de regeljouwing fan de oerheid. Dat betsjut dat de ynkommens fan de apotekers leger wurden binne. Har ynkommen is nammentlik in persintaazje fan de priis fan medisinen.