Skoallen meitsje sels lesboek

12 feb 2009 - 17:20

Trije Fryske skoallen ha har eigen lesmateriaal foarmjûn, om sa har taalûnderwiis te ferbetterjen. It giet om skoallen yn Warten, Drachten en Kimswert. De Marnewier yn Kimswert hat bygelyks digitale skoalboekjes makke. Yn Drachten ha se dwaande west om de wurdskat fan de bern te ferbetterjen.

Fan har ûnderfinings is in lesboek útkaam, dat oare skoallen ek brûke kinne. Deputearre Jannewietske de Vries krige tongersdei it earste eksimplaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)