Oplichter jout himsels oan

12 feb 2009 - 16:14

In man (49) út Drachten dy't fertocht wurdt fan oplichting hat him oanjûn by de Fryske plysje. De man is útnaaid nei Tailân, mar is benaud dat er dêr yn'e sel komt. De plysje hie de man warskôge dat de straf yn it bûtenlân wol ris folle slimmer wêze kin as yn Nederlân.

De Drachtster hat troch it hiele lân minsken oplichte. It giet mei-inoar om 700.000 euro. De man komt op koarte termyn nei Nederlân. Dan sil de plysje him arresteare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)