Seehûnekresj ferhuzet net

12 feb 2009 - 16:03

De seehûnekresj fan Lenie 't Hart bliuwt definityf yn Pieterburen. It plan om nei Delfsyl te ferhúzjen is fan de baan. De partikuliere stifting Van Klooster stekt trije miljoen euro yn de ferbou en útwreiding fan de besteande opfang.

De Haagse stifting woe allinnich jild jaan as de kresj ôfseach fan in ferhuzing nei Delfsyl. Yn in earder stadium wiene ek lokaasjes yn Kollumerlân en Harns yn byld as nij festigingsplak fan de seenhûnekresj.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)