Nije plannen Willemshaven

Willemshaven (foto: gemeente Harns)
Harns hat nije tekeningen presintearre foar de Willemshaven yn de stêd. Der wurdt al jierren praat oer de feroarings fan de haven, mar der wiene hieltyd beswieren tsjin it ûntwerp. Benammen omdat it oansjen fanút de Waadsee net moai wêze soe troch te hege en massive gebouwen.
Der is no in nij ûntwerp, mei legere gebouwen en wat âlder oandwaande bakstiennen. Yn it nije ûntwerp binne in jachthaven, winkels en sa'n 100 wenten opnaam.