Wol of net in doarpshûs

Wat wol Skearnegoutum mei it doarpshûs?
De ynwenners fan Skearnegoutum en Loaiïngea moatte har freedtejûn útsprekke oer de takomst fan it doarpshûs Elim yn Skearnegoutum. Dat wolle de bestjoeren fan doarpsbelang en it doarpshûs. Se ha dêrom de aksje 'Nu of Nooit' opset.
De grutte fraach is oft der wol in doarpshûs bliuwe moat. Wolle de ynwenners dat, dan moat der in soad jild op it kleed komme foar renovaasje of nijbou.