"Keten net samar slute"

De Krasnobar, in keet yn Driezum
It sluten fan alle jongereketen yn Dantumadiel is te strang en te koart troch de bocht. Dat fynt de PvdA yn de gemeenteried. De boargemaster wol alle yllegale keten foar de ein fan it jier slute. It giet om keten yn Rinsumageast, De Westereen en twa yn Driezum.
De PvdA fynt dat it oars oplost wurde moat. De partij wol dat der goeie regels opsteld wurde foar ûnderkommens foar de jeugd tusken 15 en 19 jier.