Wurkleazen nei callsintra

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert en it UWV hawwe in projekt opsetten om wurkleazen entûsjast te krijen foar in baan by in callcentre. Oant no ta fiele de measten net foar sa'n baan. Dat komt ûnder oare troch it minne imago dat callsintra hawwe.
De gemeente Ljouwert en it UWV biede minsken mei in útkearing no in jierkontrakt en in oplieding. Doel is om it diploma MBO saaklike tsjinstferliening te heljen en in baan te finen.