Mear dongfergisters mooglik

12 feb 2009 - 11:28

It oantal dongerfergisters yn it noarden kin bot tanimme, as it Ryk mar genôch subsydzje jout. Minister Verburg komt ynkoarten mei details oer dy regeling. Dat seit Frans Debets fan Bio Energie Noord, de organisaasje dy't dit soarte enerzjywinning fierder ûntwikkelje moat.

Op dit stuit binne der 50 fergisters yn Noard Nederlân, de measte yn Fryslân. En dy leverje genôch stroom foar 60.000 húshâldens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)