Famkes bestelle bejaarde frou

© Omrop Fryslân
Twa famkes fan in jier as 18 hawwe in frou fan 84 jier fan It Hearrenfean justerjûn bestellen yn har eigen hûs. Se bellen oan, mar de frou die net iepen. Doe giene se foar it rút stean en gie de frou dochs nei de doar. Mei in ferlechje kamen de famkes deryn.
Se praten mei de frou oer har ûnderfinings yn de oarloch. Dêrnei naaiden se wer út. Letter die bliken dat der in bankpas en jild meinommen wie. De plysje siket tsjûgen