Suder Ie wurdt te djoer

12 feb 2009 - 08:04

It slagget de gemeente Dongeradiel foarearst net om de finansiering foar it projekt Suder Ie rûn te krijen. Dat makke wethâlder Boersma woansdeitejûn bekend. By it projekt Suder Ie soe it trajekt fan de feart troch Dokkum rinne.

De provinsje woe meibetelje, mar dan noch binne de kosten te heech foar de gemeente. Troch in oantal lege brêgen kinne gruttere boaten net oer de Suder Ie. Foaral it heger meitsjen fan dy brêgen is tige djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)