Flyers winne mei 6-2

12 feb 2009 - 07:54

De iishockyers fan de Hajé Flyers hawwe woansdeitejûn harren wedstryd tsjin Amstel Tijgers mei 6-2 wûn. Yn de earste perioade waard it 2-0 foar de ploech fan It Hearrenfean. De twadde perioade waard mei 2-1 ferlern, mar yn de lêste hiene de Flyers it te sizzen en waard it 3-0.

Dit wykein moatte de iishockyers noch twa kear oan de bak. By winst komt it wichtige tredde plak foar de play-offs yn sicht. Dat jout rjocht op twa thúswedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)