Sponsor Kooyenga hâldt op

© Omrop Fryslân
It bedriuw fan Romke Kooyenga hâldt op mei it sponsorjen fan it maraton-peloton. De ploechlieder, Jan Eise Kromkamp, is juster fan it beslút op de hichte brocht.
Multymiljonêr Kooyenga wol syn sponsoraktiviteiten yn oare sporten útwreidzje. Hy wie in jier jildsjitter by it maratonriden. Earder lutsen twa oare sponsors har ek al werom by it maratonreedriden.