Nije spiler Aris
De Ljouwerter basketbalklup Aris Friesland hat in nije spiler. It is de 2 meter en acht sentimeter lange Amerikaan Menelik Barbary. Barbary spile hjirfoar yn België en yn Eastenryk.
It is de bedoeling dat de 25-jierrige center kommende snein al foar Aris útkomt. Barbary ferfangt Kevin Steenberge. De hjoeddeiske center giet fuortendaliks nei in Poalske klup