Pleats fan 800 jier by Wergea

Niels Bouma fan it ADC oan it wurk by Wergea
By argeologyske opgravings by Wergea is in buorkerij út de betide midsieuwen oan it ljocht kommen. De opgravings binne oan de westkant fan it doarp, op it plak dêr't in nij kanaal komt foar de saneamde 'steande mêstrûte'. De argeologen mjitte alles op, foardat it kanaal der komt.
De argeologen hiene net ferwachte dat se wat fine soene. De terp dêr't se oan it wurk binne, is yn de 19e ieu al foar it grutste part ôfgroeven.