Provinsje moat grûn oankeapje

© Omrop Fryslân
De provinsje moat opsjitte mei de oankeap fan lânbougrûn foar nije natuergebieten. Dat fynt Natuurmonumenten. Neffens de organisaasje hat Fryslân it grutste diel fan it jild noch net útjûn. Dat jild hat de provinsje fan it Ryk krigen. Der soe noch 21 miljoen euro lizze.
De provinsje kin 'm net fine yn de krityk. Neffens in wurdfierder wurdt der wol grûn oankocht en hat de provinsje net sa'n bedrach lizzen.