Buro Midden Friesland fallyt

11 feb 2009 - 15:47

It Drachtster yngenieursburo Midden Friesland is fallyt. It bedriuw betocht benammen stielkonstruksjes en hat bot te lijen fan de weromrinnende ekonomy.

It buro wurke ûnder oare mei oan de ferbouwing fan it gemeentehûs fan Drachten, oan de Toneelschuur yn Haarlem en de bou fan it oerstapplak by Amsterdam Centraal foar de Noord- Zuidlijn. By Midden Friesland wurken trije man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)