SP boykot gearkomste oer Nuon

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de SP boykot de besletten steatekommisje fan freed. Dan wurdt de ferkeap fan de Fryske oandielen yn Nuon bepraat. De SP fynt dat dit ûnderwerp yn de iepenbierheid behannele wurde moat. De partij is poer tsjin de ferkeap fan de Fryske oandielen oan in bûtenlânsk bedriuw. Oer it oerdwaan fan de oandielen yn Nuon oan de ryksoerheid wol de SP wol prate.
Sneon protestearret de partij tsjin de plannen by it Provinsjehûs.