Kennissintrum melkfeehâlderij

11 feb 2009 - 13:50

De provinsje jout 175.000 euro subsydzje foar de ûntwikkeling fan it noardlik kennissintrum foar de melkfeehâlderij. Dit kennissintrum wurdt opset troch ûnder oare LTO Noard, de Van Hall-hegeskoalle en ûndersykssintrum Nij Bosma Zathe. It ministearje stelt itselde bedrach beskikber en fanút it bedriuwslibben komt ek nochris trije ton.

De provinsje wol ek noch mei de gemeente Ljouwert prate oer in bydrage fan de gemeente foar it kennissintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)