Fryslân krijt nije ensyklopedy

11 feb 2009 - 12:07

Fryslân krijt in nije ensyklopedy. Der komme trije boeken mei 7500 artikels. De nije ensyklopedy moat de lêste ferzje út 1958 ferfange. It projekt kostet goed oardel miljoen euro en tsien redakteuren sille der fiif jier oan wurkje. Neist de boeken moat der ek in grutte digitale ferzje ferskine op ynternet.

Der wurdt al jierren praat oer de opset fan in nije ensyklopedy, mar troch jildpine en problemen mei de organisaasje kin no pas begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)