Provinsje: net mear gas winne

Provinsje is tsjin it winnen fan mear gas
De provinsje is tsjin mear gaswinning yn de omkriten fan Frjentsjer. Vermilion wol fan in oar punt ôf gas winne yn it fjild dat earder al foar in part leechhelle is. It gasfijld by Frjentsjer waard oanboarre fanút Hjerbeam, mar it gasbedriuw wol datselde fjild oanboarje fanút Achlum.
De provinsje fynt mear gaswinning ûnakseptabel, om't de grûn noch hieltyd sakket. Neffens Vermilion soene boarrings fanút Achlum gjin gefolgen ha foar dat proses.