Fertochten tal ynbraken oppakt

plysje pakt jeugdbinde op
De plysje hat 30 fertochten oanhâlden út Gytsjerk, Ryptsjerk, Oentsjerk, Aldtsjerk en Mûnein. De groep (tusken 14 en 19 jier) is ferantwurdlik foar in grutte rige ynbraken yn Gytsjerk en omkriten. De ynbraken wiene tusken maaie en desimber 2008.
Der is ynbrutsen yn it kluphûs fan de tennisferiening yn Oentsjerk. Ek waarden ôffalkonteners yn 'e brân stutsen en binne fytsen fernield. Der binne 24 oanjeftes binnenkaam. De fertochten krigen in proses-ferbaal.