Ungelokken troch glêdens

11 feb 2009 - 09:16

Der ha woansdei yn de hiele provinsje sa'n 30 ûngelokken plakfûn. Dat kaam troch de glêdens. Der rekken ek minsken by ferwûne, mar hoefolle kin de plysje noch net sizze. De helptsjinsten hiene it sa drok dat der op in bepaald stuit gjin ambulânses mear beskikber wiene.

Op de A32 tusken de ofslaggen Snits en Grou rekken acht auto's fan de dyk. Neffens de plysje waarden minsken troch de glêdens oerfallen. De plysje warskôget foar glêdens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)