Roemenen ramkreakers Wolvegea

11 feb 2009 - 08:17

Mei de oanhâlding fan de fjouwer fertochten by de ramkreak fan moandei yn Wolvegea tinkt de boppe-regionale resjerzje fan Noard-West Nederlân in hiele searje ramkreaken oplosse te kinnen. It giet hjir om fjouwer Roemenen tusken de 23 en 33 jier, dy't de plysje al langer op 'e korrel hie.

De plysje hat yn Amsterdam ek noch twa fertochten oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de ramkreaken. By dy oanhâldings waard guod fûn dat bút makke wie by de ramkreaken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)